zondag 28 november 2010

In eigen blog

Nei hast 10 jier lifte wie it tiid om de lifters fanút Wommels in eigen plakje te jaan op it web. Yn in blog. Der is in begjin makke om alle ynformaasje dy't hjir (SDS) en dêr (Stjoerder, Jaring Rispens) byelkoar te bringen. Fia links.

De kommende moanne sil it argyf noch oanfold wurde. Jim kinne no al in soda fine fan eardere jierren ûnder it kopke 2010-oktober.

En de aktualiteit krijt fanôf no ek al plak op it web. De kommende wiken yn de oanrin nei de start sille der liftnijtsjes ferskine ûnder de namme "lifterkes".
Dus wa't wat te melden, moat dat seker dwaan.

It ferslach fan de wedstriid sels sil yn earsten wer op www.vv-sds.nl pleatst wurde, omdat dêr mear mooglikheden binne.

Foar de twitteraars noch it folgjende. At jim tweets ha oer it liften doch dat mei #10xlifte . Se komme dan automatysk op jim blog http://10xlifte.blogspot.com.

Aant Hofstra

Geen opmerkingen: