maandag 10 oktober 2011

Oan in liftboek wurdt wurke

10 kear is der in liftwedstriid holden fanút Wommels. De start wie altiten op 1 jannewaris of krekt dêrfoar.
10 jier lang hawwe de lifters allegear avontoeren belibbe yn hiel Europa. De ferhalen wêr't se mei thús kamen wiene altiten skitterjend.
Dy moaie ferhalen fan dy mear as 50 ferskillende lifters en liftsters sille bondele wurde. Der wurdt yn 2011 hurd wurke om it op de earstfolgjende "net-lift-datum" klear te hawwen.
En dat slagget.
Want at dizze mannen wat yn de kop hawwe dan is der nimmen dy't harren keat. Dat hawwe wij wol sjoen doe't it liftsjen begong.