donderdag 25 oktober 2001

2001 - Wommels

Earne yn 2001 krigen Wybren Jorritsma en Jurjen Hiemstra in lift oanbean. De man fertelde entûsjast oer syn bern dy't in kear nei Praag liften wiene.
Hij kaam mei syn ferhaal yn de Jimbar yn Wommels. Hij wist syn in oantal maten entûsjast te meitsjen en oan de ein fan de jûn wie der in plan: in liftwedstriid op 1 jannewaris 2002.
Wylde plannen dy't ûntstean tidens it ynnimmen fan in oantal alkohoalyske drankjes wurde faan net ta útfiering brocht.
Mar dat gie hjir net op.
Op 1 jannewaris 2002 stiene der 10 lifters foar de groepsfoto foar Jimbar yn Wommels.
Der wiene mar in oantal rigels makke:
- gjin ferfiersôfspraken meitsje fan te foaren
- net meiride yn in Fiat Multipla , fanwege in freeslike úterlik
- gjin ûnderling kontakt fia de GSM.

De lêste rigel is ferfallen, de oare twa jilde noch altiten