donderdag 30 december 2010

2011 - Bergamo - Italie



Dielnimmers
Jimmy Linders en Sytse Hibma
Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen
Sjoerd van Beem en Teade de Boer
Marije Peenstra en Roelof Fopma
Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra
Wybren Jorritsma en Namkje Koudenburg
Jaring Rispens en Simone Kingma




* Ynlieding

* Foarútsjen

* Liftdei 1 fan 08.00 oant 12.00

* Liftdei 1 fan 12.00 oant 18.00

* Liftdei 1 fan 18.00 oant 24.00 oere

* Liftdei 2



De lifters komme om 14.00 oere oan op Weeze Airport en komme dan mei in bustaksi werom nei Wommels.

De parse oer it liften:
Krante yn Belfeld kopt: Belfeldenaar wint liftwedstrijd
De Limburger: Meeliften in Fiat Multipla verboden






Op'e Skille: De tsiende kear lifte we wer nei Bergamo.

zaterdag 25 december 2010

Lifterke 25-12

Streekrjocht ferslach
De liftwedstriid wurdt streekrjocht op www.vv-sds.nl bijholden. Op 26 desimber is dêr in koarte yntroduksje pleatst. De kommende wike is alles oer it liften te finen op www.vv-sds.nl

Tweets
Foar de twitteraars : at jim in tweet de wrâld yn stjoere oer it liften doch der dan #10xlifte bij. Dy tweets komme hjir rjochts op de side te stean.(iets nei ûnderen) Der sille yn alle gefallen tweets oer it liften ferskine op de twitter fan aanthofstra

Emailadres
It emailadres foar reaksjes is sds-nijs@home.nl of aanthofstra@home.nl

Tillefoannûmer
Foar sms-kes kin gebrûk makke wurde fan 06-55117582
.
.
.
.
.

woensdag 22 december 2010

Lifterkes 23-12

Multipla


Al bij de earste liftwedstriid yn 2002 wie der in opmerklike rigel. Lifte mei in Fiat Multipla wie net tastien. Foar safier bekind hat elkenien him hjir oanholden. De reden fan dizze boykot kaam fuort út it feit dat de lifters it auto fûnen dy't der net útseach.
Opmerklik is it folgjende berjocht dat ein novimber yn de krante stie:
Fiat staakt productie Multipla
Door 99% van de wereldbevolking veelvuldig geroemd als lelijkste productie-auto van het universum, maar Fiat wist de wereld desondanks meer dan tien jaar te tarten met de spuuglelijke Fiat Multipla.


Dit is seker gjin tafal. 10Xlifte en 10 jier Multipla. It hat moai west.


Bergamo

Foar de thúsbliuwers is it fansels moai te witten wêr't it spul telâne komt. Wêr't se harren deljouwe nei in mooglik swiere tocht. Dit is de link.


Streekrjocht
De reis fan de lifters begjint op woansdei 29-12 om in oere as 8.00 moarn. De wedstriid is wer streekrjocht te folgen op www.vv-sds.nl. Ek dizze lêste kear makket Aant wer gebrûk fan dy side om alle emailtsjes, sms-kes, twitters, postdoberjochten te ferwurkjen ta in wedstriidferslach.
.
.
.
.
.
.

maandag 20 december 2010

Lifterkes 20-12

Sjoerd en Teade
Sjoerd van Beem en Teade de Boer binne al drok oan it sneupen op ynternet foar de beste route nei Bergamo yn Italie. Sij besjogge de kwaliteit fan de diken, sij sykje om de benzine stasjons mei de leechste prizen, sij ynformeare bij gemeenten hoe't it mei de foarrie sâlt sit en sij dogge in fluchkursus Dúts, Switers, Frânsk en Italiaansk. Want sij wolle der dit jier echt foar gean. Dizze kear gjin konfortabele hut op de boat mar sij stelle harren yn sittend op in efterbank fan in Lada mei in bouvier tusken harren yn.

Liftersstartside
Dy selde Sjoerd en Teade joegen oan dat der in lifters startside is en dat de lifters fan Wommels dêr ek in plakje op fûn ha. Sjoch hjir
Oan de lofters side kinne jim it blokje Wommels fine.

14 lifters
Der steane noch altiten 14 lifters oan de start. Der waard grute dat de famylje Galama as nûmer 15 en 16 meidwaan soene, mar doe't útlein is dat it in tocht mei in protte kjeld wurde sil, waard it mooglike oanjefte gelyk ynlutsen.

Bergamo
10 jier lyn begûn it liftsjen mei in reis nei Milaan. Dizze lêste kear einigt it 40 kilometer fanôf Milaan. Foar mear ynformaasje sjoch hjir.




.
.
.
.
.
.

zondag 12 december 2010

Lifterkes 12-12

Sliepplak
De lifters hawwe sliepplak. Dat is dus regele. Op in prachtige lokaasje bij Bergamo. Neffens de binne de plaatsjes moai. No mar hoopje dat dizze plaatsjes oerienkomme mei de wurklikheid.

Round Ireland with a fridge
Neffens Sytse Hibma is Home Alone mei Kryst ek altyd it selde. Hij gie op syk nei in oare film. In film om te gnizen. Hij fûn der ien. "Round Ireland with the fridge".
Oan de trailer te sjen in hilaryske liftfilm.

maandag 6 december 2010

Lifterkes 7-12

Oernachtsje
De lifters hiene de weromreis al boekt. It slieplak is no ek regele. Yn Bergamo sille se harren in pear nachten deljaan. Tichbij it fleanfjild fan Ryan Air. En dat skeelt wer reistiid.

Noch twa
Der wurdt drok ûnderhannele mei noch in stel dat meidwaan wol. Broer en sus Jan en Ali Galema wolle yn dizze lêste edysje harren debút meitsje. It waard tiid soene wij sizze. as echte Wommelsers.

Amarins en Klaas
Amarins Bouma en Klaas Malda dy wenje no yn Sweden. Sij lifte mar net mei dit jier. Harren liftjas hinget yn de Sweedske wylgenbeam.

zaterdag 4 december 2010

Lifterkes 5-12

Tjitte Jelle en Hadewey
It is stil west fan us kant. Wol ha wy mei in soat belangstelling alle mail folge.
Respect foar de wize werop alles regele wurd!!
Wy ha gjin reaksjes junt oant no ta.
Dat hat fansels in reden.
Hadewey & ik ha besletten net mei te liften nei Milaan.
Mei nammen ik (TJ) bin noch net genoch oansterke nei myn pheiffer.
It klinkt as ald wiif........mar it is gewoan te folle.
Hadewey wol wol lifte, mar allinnich mei TJ. ( en Jaring is al beset)
It spyt my tige........9 fan 10* mei weze te liften is kut......
Mar it beslut is nommen.
Ik hoopje dat jimme it beslut respecteare wolle !!

De maat fan myn tas, is myn hús mei Hadewey.

Mei groetnis Tjitte-Jelle en Hadewey

Ps; it is tige jammer.....fyn ik sels


Analist

Ek dit wrâldbarren kin net sûnder analitikus. Erfaringsdeskundige (9 kear meidien) Tjitte Jelle
hat it foarnimmen oan om hierskerpe analyses te jaan tidens de wedstriid. Wij tinke dat hij wit wat Jaring fielt at hij yn in Daf 66 sit, wat Marije fielt no't se wol in maat hat mei in tillefoan, wat Sjoerd Rispens thús op de bank fielt no't hij yn tinzen syn broer Jaring yn in Daf sitten sjocht, hoefolle muoite Teade en Sjoerd dogge om in boat te finen dy't streekrjocht nei Milaan giet, wat Beitske en Tsjeard fiele no't se Namkje en Wybren te snel ôfbinne, hoe't Arjen him fielt at hij hiel nedich pisje moat, mar leaver hat dat de auto net stoppet, hoe't Roelof him ôffreget wêr't hij mei dwaande is, hoe't Jimmy Sytse it Fryske folksliet noch ien kear foarsjongt en hoe't hij en Hadewey harren fiele yn Easterein.

De jas

It is net allinne foar Tjitte Jelle en Hadewey sneu dat sij net mei kinne. It is spitich foar de lêste groepsfoto. 9 kear hat Tjitte Jelle diel útmakke fan de groepsfoto en 9 kear yn de selde jas.