maandag 29 november 2010

De reis werom

Tsjeard wol witte wêr't de finish dan is en hoe se werom geane

Beits!
Do bist goed dwaande! Wat my betreft dogge soks yn kombinaasje mei dy fleanende bus op de earste fan it jier!
Miskien moat der wol hast boekt wurde by Ryanair? Hoe letter hoe djoerder?
Mei dit hostel leit de einstreep krekt as de earste kear wer by it sintraal stasjon? (Excellent location for those coming from the central station because we are 5 minutes from it)
Doei!

Teade set de druk der op

"Flean op, wij sjonge"
At we hjoed noch boeke dan kosset it 22 nochwat euro.
At jimme it der wol mei iens binne dat ik it regelje, dan wol ik graach jimme namme. Dy mut der sa stean as op it paspoort, oars gjin se jeuseljen.
Dernei stjoer ik wol in mail mei myn rekkening nummer ensa, kin jimme my it werom betelje.
Hâld der wol rekken mei dat we gjin grutte tassen mei nimme kinne foar dizze priis. Dus allinne hântaskes.
Lit it mar witte.
Groetnis Teade
Ps. Voor Jimmie: Even je echte naam doorgeven als je terug wilt met het vliegtuig

Wybren en Namkje

"It bêste lân fan ierde"
Namkje Koudenburg & Wybren Jorritsma geane mei!

Teade en Sjoerd

"It Fryske lân"
Hoi Liftmaten,
Moai dat de earste reaksje al binnen komme.
Mar wol jimme de maten fan jimme tassen der ek noch by sette? Dat wolle se no ek yn’t foar út witte. Graach Lingte X Breedte X Hichte.
Ed Jaring: Do bist no in team, dan kinsto net allinne foar dysels reagearje! Ik doch ek alles út namme fan Sjoerd…
Gr. Teade EN SJOERD


Tsjeard:

ús tasmaten en folsleine nammen komme noch! Sil ris opsyk nei myn bertekaartsje en ek al Beitskes doopnammen wurde opfrege by boargersaken!
Oer de maten, is it sa dy lytse lichte minsken gruttere en swierdere tassen meinimme meie?

Beitske

"fohol ear enhen en rommm"
Beitske Kooistra, tasmaat: 50x30x20 (goede stok efter de doar)
Tsjearardus Albertinus Abdelhamid Gosling Hofstra: ..x..x.. (lit ik dat mar net foar dy ynfolje maat)

Wytske

"op fryske grû-û-û-ûuûn"
Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen gean mei! Boeke mar!
Tasmaten wurdt noch trochjun
groeten Arjen en Wytske

Namkje

Dat wurdt 2x40x30x20 foar us beiden.
W+N.

Tsjeard

Myn maat, Beitske Kooistra (29-07-‘85) ( dit binne net har maten), mei har tasmaat fan 50x30x20, gjit mei har liftmaat, Tsjeard Hofstra (15-04-1981), mei syn tasmaat fan 49x29x19, it matige fleantuch fan Ryanair tatreden. Mochten der mear maten mei wolle dan moatte jim jimme ek oan de maatstaf fan dizze maatskappij halde!


Namkje

Sunder al myn werpstjerren, gersmeaners en knalbonbons kin ik ek wol in wat lytsere tas mei.

Sytse

Us nammen op paspoort binne:
Sytse Hibma & Jimmy Christiaan Johan Linders
tasmaten: 2x: 55 cm x 40 cm x 20 cm
Wy wolle graach 2 bakjes thee en 2 hotdogs ite ynt fleantuch (en droege plakken at it ken, dat hie jaring foarich jier ferjitten op te jaan)
Groetjes!!

Wytske en Arjen

Hjirby us tasmaten: 2x55x40x20cm
Omdat dizze wieke de temperatuur al under "nul" keldert, wolle wy graach stoelverwarming op de weromreis yn it fleantug!!!
Groeten Wytske en Arjen

Tsjeard

Foarútsjent nei us weromreis is de offerte van Van der Bles alwer binnen, fan Weeze nei Wommels!

@ willem, wa is dyn maat, en wat binne jim maten??
@ Teade kin ik alle nammen, tasmaten, geboortedatums, creditcardnûmers en oare ûnbelangrike saken fan dy oernimme foar de bussjoffeur?

Teade

Moarn,
Yn it kader fan lekker jild út jaan, ha ik de boel fuort mar regele. Willem liet witte dat der it sels regelt at syn (partner) blonde frou yn Tiroler pakje snein witte lit as se it oandoart. No’t Tjitte en Hadewey útsliepe run âld en nij, is dit de list.

Om’t Ryanair gewoan better rekkenje kin as ús, as mei in foarke skriuwt, komt it bedrach op 54.63 euro de persoan út. Hufters.

Dit meie jim per meitsje nei T.J. de Boer, It leafst foar tsien oere hjoed, sa dat ik Lowlands kaartsjes helje kin!

Groetnis Teade

Ps. Soe der wat mis gongen wêze mei de tassen>?
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
14 Passengers
1. Teade De Boer
o Web Check in
o 0 Checked Bag
o SMS Mobile Text
2. Sjoerd Van Beem
o Web Check in
o 0 Checked Bag
3. Sytse Hibma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
4. Jimmy Linders
o Web Check in
o 0 Checked Bag
5. Beitske Kooistra
o Web Check in
o 0 Checked Bag
6. Tsjeard Hofstra
o Web Check in
o 0 Checked Bag
7. Arjen Klaversma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
8. Wytske Vermeulen
o Web Check in
o 0 Checked Bag
9. Jaring Rispens
o Web Check in
o 0 Checked Bag
10. Simone Kingma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
11. Wybren Jorritsma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
12. Namkje Koudenburg
o Web Check in
o 0 Checked Bag
13. Roelof Fopma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
14. Marije Peenstra
o Web Check in
o 0 Checked Bag

Geen opmerkingen: