donderdag 25 november 2010

Wêr gean se hinne yn 2011

oktober 2010
De earste mailtsjes binnen de liftploech fleane wer hinne en wer. Bijprate yn Jimbar op 25 oktober. Plannen meitsje. Wêr sille se hinne de kommende jierwikseling?
De 10 kear en de lêste kear.
Hoe slúte se 10 jier liften ôf?

novimber 2010
Der binne in pear opsjes. De kjeld, de ôfstân en de tiid binne de tsjinstanners.
Nei Skandinavie, wêr't liftmaten Klaas en Amarins no wenje.
Of nei de waarmte by Valencia

Bij alle opsjes binne de foar en neidielen oanjûn; te kâld, te waarm, te djoer, te frânsk, te moslim, te min alcohol yn it bier, te tichtby, te fier fuort, gean 'k net mei, gean 'k wol mei, mei ik net fan myn freondin, moat ik fan myn alders, fyn ik te eng, kinne we ek in jier oerslaan? Ensf ensf ensf ensf.
Inkele lifters fine dat it de lêste kear wol goed dreech wurde kin,,, dan gean we yn elk gefal net wer!
 
9 novimber
Teade de Boer mailt:

wat in begjin hat,
hat ek in ein,
it is in moai ein,
om by it begjin te eindigjen.


De rest reageart

Wybren

Klink goed

Sjoerd

Jajaja,
neist alle ûnsin en flauwe moppen, komme der op syn tiid ek hiele wiere wurden fanut it kamp deboer-vanbeem.
Doch der jim foardiel mei!!!
Dkke tut foar Teade, thumbs up foar jim allegearre.

Tsjeard wiist noch efkes op de rigels

Krije we ek nochris in kans om sa`n akelige Multi-pla te wegerjen!

Tsjeard en Beitske sitte al strak yn it pak



Namkje mei meast it earst it bêd útsykje mei Wybren, dus...

Hmm... it liket derop dat we mar even sykje moatte op in hosteltsje yn 'e buurt fan Bergamo (fleanfjild Milaan) dan? Is eltsenien akkoord hiermei?

Marije giet mij Roelof sa lit se witte

Hey allegeare,
Foar de folledigheid: myn liftmaat dit jier is Roelof Fopma, en ek wy gean fansels foar neat minder de doar út dan foar in earste plak!!
groetsjes, Roelof en Marije

Beitske fynt yn Bergamo in goedkeap hostel

About a hostel:
- Aeroporto Bergamo leit sa'n 40 km. riden fanôf de râne fan Milano.
- De ride shuttles (kin efen net fine oft se ek op 1 jan. ride):


Tiisdei 30-11 it ferfolch........
.
.
.
.

Geen opmerkingen: