zaterdag 14 januari 2012

Liftboek yn Amerika (diel 1)

Fuort nei de boekpresintaasje op 1 jannewaris binne Wybren en Namkje, skriuwers fan it boek Lift! ôfreizge nei Amerika om promoasje te meitsjen foar dit unike boek, om in lêzing te hâlden (Namkje) en om fakânsje te fieren.
Sij hawwe no noch ien boek oer en op dat boek soene je jaloers wurde!


Krekt oankommen yn the USA en al in opstekkende tomme te pakken

Mei it boek wurdt besocht in lift te krijen dêrfoar hoege je it boek allinne mar omheech te hâlden

En foar it boek it yn de gaten hie, siet it al op route 66

Yn Chicago moat je nei de blues en dan is it boek iets minder te sjen


Tusken de taskôgers bij de Chicago Bulls en de Detroit Pistons waard dan wol 160 punten skoard de oandacht bleau bij it boek



It boek soarge foar nij hillich fjoer....

....en foar in nije basis......

En de Sjinezen yn Amerika bellen gelyk nei hûs ...


Lift! makket in ferpletterjende yndruk yn New York


...en is no al hast útferkocht yn alle boekwinkels...

 
East west, Lift! best


In boek op heech nivo, sa waard der sein

Letter mear.....

maandag 10 oktober 2011

Oan in liftboek wurdt wurke

10 kear is der in liftwedstriid holden fanút Wommels. De start wie altiten op 1 jannewaris of krekt dêrfoar.
10 jier lang hawwe de lifters allegear avontoeren belibbe yn hiel Europa. De ferhalen wêr't se mei thús kamen wiene altiten skitterjend.
Dy moaie ferhalen fan dy mear as 50 ferskillende lifters en liftsters sille bondele wurde. Der wurdt yn 2011 hurd wurke om it op de earstfolgjende "net-lift-datum" klear te hawwen.
En dat slagget.
Want at dizze mannen wat yn de kop hawwe dan is der nimmen dy't harren keat. Dat hawwe wij wol sjoen doe't it liftsjen begong.

donderdag 30 december 2010

2011 - Bergamo - Italie



Dielnimmers
Jimmy Linders en Sytse Hibma
Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen
Sjoerd van Beem en Teade de Boer
Marije Peenstra en Roelof Fopma
Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra
Wybren Jorritsma en Namkje Koudenburg
Jaring Rispens en Simone Kingma




* Ynlieding

* Foarútsjen

* Liftdei 1 fan 08.00 oant 12.00

* Liftdei 1 fan 12.00 oant 18.00

* Liftdei 1 fan 18.00 oant 24.00 oere

* Liftdei 2



De lifters komme om 14.00 oere oan op Weeze Airport en komme dan mei in bustaksi werom nei Wommels.

De parse oer it liften:
Krante yn Belfeld kopt: Belfeldenaar wint liftwedstrijd
De Limburger: Meeliften in Fiat Multipla verboden






Op'e Skille: De tsiende kear lifte we wer nei Bergamo.

zaterdag 25 december 2010

Lifterke 25-12

Streekrjocht ferslach
De liftwedstriid wurdt streekrjocht op www.vv-sds.nl bijholden. Op 26 desimber is dêr in koarte yntroduksje pleatst. De kommende wike is alles oer it liften te finen op www.vv-sds.nl

Tweets
Foar de twitteraars : at jim in tweet de wrâld yn stjoere oer it liften doch der dan #10xlifte bij. Dy tweets komme hjir rjochts op de side te stean.(iets nei ûnderen) Der sille yn alle gefallen tweets oer it liften ferskine op de twitter fan aanthofstra

Emailadres
It emailadres foar reaksjes is sds-nijs@home.nl of aanthofstra@home.nl

Tillefoannûmer
Foar sms-kes kin gebrûk makke wurde fan 06-55117582
.
.
.
.
.

woensdag 22 december 2010

Lifterkes 23-12

Multipla


Al bij de earste liftwedstriid yn 2002 wie der in opmerklike rigel. Lifte mei in Fiat Multipla wie net tastien. Foar safier bekind hat elkenien him hjir oanholden. De reden fan dizze boykot kaam fuort út it feit dat de lifters it auto fûnen dy't der net útseach.
Opmerklik is it folgjende berjocht dat ein novimber yn de krante stie:
Fiat staakt productie Multipla
Door 99% van de wereldbevolking veelvuldig geroemd als lelijkste productie-auto van het universum, maar Fiat wist de wereld desondanks meer dan tien jaar te tarten met de spuuglelijke Fiat Multipla.


Dit is seker gjin tafal. 10Xlifte en 10 jier Multipla. It hat moai west.


Bergamo

Foar de thúsbliuwers is it fansels moai te witten wêr't it spul telâne komt. Wêr't se harren deljouwe nei in mooglik swiere tocht. Dit is de link.


Streekrjocht
De reis fan de lifters begjint op woansdei 29-12 om in oere as 8.00 moarn. De wedstriid is wer streekrjocht te folgen op www.vv-sds.nl. Ek dizze lêste kear makket Aant wer gebrûk fan dy side om alle emailtsjes, sms-kes, twitters, postdoberjochten te ferwurkjen ta in wedstriidferslach.
.
.
.
.
.
.

maandag 20 december 2010

Lifterkes 20-12

Sjoerd en Teade
Sjoerd van Beem en Teade de Boer binne al drok oan it sneupen op ynternet foar de beste route nei Bergamo yn Italie. Sij besjogge de kwaliteit fan de diken, sij sykje om de benzine stasjons mei de leechste prizen, sij ynformeare bij gemeenten hoe't it mei de foarrie sâlt sit en sij dogge in fluchkursus Dúts, Switers, Frânsk en Italiaansk. Want sij wolle der dit jier echt foar gean. Dizze kear gjin konfortabele hut op de boat mar sij stelle harren yn sittend op in efterbank fan in Lada mei in bouvier tusken harren yn.

Liftersstartside
Dy selde Sjoerd en Teade joegen oan dat der in lifters startside is en dat de lifters fan Wommels dêr ek in plakje op fûn ha. Sjoch hjir
Oan de lofters side kinne jim it blokje Wommels fine.

14 lifters
Der steane noch altiten 14 lifters oan de start. Der waard grute dat de famylje Galama as nûmer 15 en 16 meidwaan soene, mar doe't útlein is dat it in tocht mei in protte kjeld wurde sil, waard it mooglike oanjefte gelyk ynlutsen.

Bergamo
10 jier lyn begûn it liftsjen mei in reis nei Milaan. Dizze lêste kear einigt it 40 kilometer fanôf Milaan. Foar mear ynformaasje sjoch hjir.




.
.
.
.
.
.

zondag 12 december 2010

Lifterkes 12-12

Sliepplak
De lifters hawwe sliepplak. Dat is dus regele. Op in prachtige lokaasje bij Bergamo. Neffens de binne de plaatsjes moai. No mar hoopje dat dizze plaatsjes oerienkomme mei de wurklikheid.

Round Ireland with a fridge
Neffens Sytse Hibma is Home Alone mei Kryst ek altyd it selde. Hij gie op syk nei in oare film. In film om te gnizen. Hij fûn der ien. "Round Ireland with the fridge".
Oan de trailer te sjen in hilaryske liftfilm.

maandag 6 december 2010

Lifterkes 7-12

Oernachtsje
De lifters hiene de weromreis al boekt. It slieplak is no ek regele. Yn Bergamo sille se harren in pear nachten deljaan. Tichbij it fleanfjild fan Ryan Air. En dat skeelt wer reistiid.

Noch twa
Der wurdt drok ûnderhannele mei noch in stel dat meidwaan wol. Broer en sus Jan en Ali Galema wolle yn dizze lêste edysje harren debút meitsje. It waard tiid soene wij sizze. as echte Wommelsers.

Amarins en Klaas
Amarins Bouma en Klaas Malda dy wenje no yn Sweden. Sij lifte mar net mei dit jier. Harren liftjas hinget yn de Sweedske wylgenbeam.

zaterdag 4 december 2010

Lifterkes 5-12

Tjitte Jelle en Hadewey
It is stil west fan us kant. Wol ha wy mei in soat belangstelling alle mail folge.
Respect foar de wize werop alles regele wurd!!
Wy ha gjin reaksjes junt oant no ta.
Dat hat fansels in reden.
Hadewey & ik ha besletten net mei te liften nei Milaan.
Mei nammen ik (TJ) bin noch net genoch oansterke nei myn pheiffer.
It klinkt as ald wiif........mar it is gewoan te folle.
Hadewey wol wol lifte, mar allinnich mei TJ. ( en Jaring is al beset)
It spyt my tige........9 fan 10* mei weze te liften is kut......
Mar it beslut is nommen.
Ik hoopje dat jimme it beslut respecteare wolle !!

De maat fan myn tas, is myn hús mei Hadewey.

Mei groetnis Tjitte-Jelle en Hadewey

Ps; it is tige jammer.....fyn ik sels


Analist

Ek dit wrâldbarren kin net sûnder analitikus. Erfaringsdeskundige (9 kear meidien) Tjitte Jelle
hat it foarnimmen oan om hierskerpe analyses te jaan tidens de wedstriid. Wij tinke dat hij wit wat Jaring fielt at hij yn in Daf 66 sit, wat Marije fielt no't se wol in maat hat mei in tillefoan, wat Sjoerd Rispens thús op de bank fielt no't hij yn tinzen syn broer Jaring yn in Daf sitten sjocht, hoefolle muoite Teade en Sjoerd dogge om in boat te finen dy't streekrjocht nei Milaan giet, wat Beitske en Tsjeard fiele no't se Namkje en Wybren te snel ôfbinne, hoe't Arjen him fielt at hij hiel nedich pisje moat, mar leaver hat dat de auto net stoppet, hoe't Roelof him ôffreget wêr't hij mei dwaande is, hoe't Jimmy Sytse it Fryske folksliet noch ien kear foarsjongt en hoe't hij en Hadewey harren fiele yn Easterein.

De jas

It is net allinne foar Tjitte Jelle en Hadewey sneu dat sij net mei kinne. It is spitich foar de lêste groepsfoto. 9 kear hat Tjitte Jelle diel útmakke fan de groepsfoto en 9 kear yn de selde jas.

maandag 29 november 2010

De reis werom

Tsjeard wol witte wêr't de finish dan is en hoe se werom geane

Beits!
Do bist goed dwaande! Wat my betreft dogge soks yn kombinaasje mei dy fleanende bus op de earste fan it jier!
Miskien moat der wol hast boekt wurde by Ryanair? Hoe letter hoe djoerder?
Mei dit hostel leit de einstreep krekt as de earste kear wer by it sintraal stasjon? (Excellent location for those coming from the central station because we are 5 minutes from it)
Doei!

Teade set de druk der op

"Flean op, wij sjonge"
At we hjoed noch boeke dan kosset it 22 nochwat euro.
At jimme it der wol mei iens binne dat ik it regelje, dan wol ik graach jimme namme. Dy mut der sa stean as op it paspoort, oars gjin se jeuseljen.
Dernei stjoer ik wol in mail mei myn rekkening nummer ensa, kin jimme my it werom betelje.
Hâld der wol rekken mei dat we gjin grutte tassen mei nimme kinne foar dizze priis. Dus allinne hântaskes.
Lit it mar witte.
Groetnis Teade
Ps. Voor Jimmie: Even je echte naam doorgeven als je terug wilt met het vliegtuig

Wybren en Namkje

"It bêste lân fan ierde"
Namkje Koudenburg & Wybren Jorritsma geane mei!

Teade en Sjoerd

"It Fryske lân"
Hoi Liftmaten,
Moai dat de earste reaksje al binnen komme.
Mar wol jimme de maten fan jimme tassen der ek noch by sette? Dat wolle se no ek yn’t foar út witte. Graach Lingte X Breedte X Hichte.
Ed Jaring: Do bist no in team, dan kinsto net allinne foar dysels reagearje! Ik doch ek alles út namme fan Sjoerd…
Gr. Teade EN SJOERD


Tsjeard:

ús tasmaten en folsleine nammen komme noch! Sil ris opsyk nei myn bertekaartsje en ek al Beitskes doopnammen wurde opfrege by boargersaken!
Oer de maten, is it sa dy lytse lichte minsken gruttere en swierdere tassen meinimme meie?

Beitske

"fohol ear enhen en rommm"
Beitske Kooistra, tasmaat: 50x30x20 (goede stok efter de doar)
Tsjearardus Albertinus Abdelhamid Gosling Hofstra: ..x..x.. (lit ik dat mar net foar dy ynfolje maat)

Wytske

"op fryske grû-û-û-ûuûn"
Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen gean mei! Boeke mar!
Tasmaten wurdt noch trochjun
groeten Arjen en Wytske

Namkje

Dat wurdt 2x40x30x20 foar us beiden.
W+N.

Tsjeard

Myn maat, Beitske Kooistra (29-07-‘85) ( dit binne net har maten), mei har tasmaat fan 50x30x20, gjit mei har liftmaat, Tsjeard Hofstra (15-04-1981), mei syn tasmaat fan 49x29x19, it matige fleantuch fan Ryanair tatreden. Mochten der mear maten mei wolle dan moatte jim jimme ek oan de maatstaf fan dizze maatskappij halde!


Namkje

Sunder al myn werpstjerren, gersmeaners en knalbonbons kin ik ek wol in wat lytsere tas mei.

Sytse

Us nammen op paspoort binne:
Sytse Hibma & Jimmy Christiaan Johan Linders
tasmaten: 2x: 55 cm x 40 cm x 20 cm
Wy wolle graach 2 bakjes thee en 2 hotdogs ite ynt fleantuch (en droege plakken at it ken, dat hie jaring foarich jier ferjitten op te jaan)
Groetjes!!

Wytske en Arjen

Hjirby us tasmaten: 2x55x40x20cm
Omdat dizze wieke de temperatuur al under "nul" keldert, wolle wy graach stoelverwarming op de weromreis yn it fleantug!!!
Groeten Wytske en Arjen

Tsjeard

Foarútsjent nei us weromreis is de offerte van Van der Bles alwer binnen, fan Weeze nei Wommels!

@ willem, wa is dyn maat, en wat binne jim maten??
@ Teade kin ik alle nammen, tasmaten, geboortedatums, creditcardnûmers en oare ûnbelangrike saken fan dy oernimme foar de bussjoffeur?

Teade

Moarn,
Yn it kader fan lekker jild út jaan, ha ik de boel fuort mar regele. Willem liet witte dat der it sels regelt at syn (partner) blonde frou yn Tiroler pakje snein witte lit as se it oandoart. No’t Tjitte en Hadewey útsliepe run âld en nij, is dit de list.

Om’t Ryanair gewoan better rekkenje kin as ús, as mei in foarke skriuwt, komt it bedrach op 54.63 euro de persoan út. Hufters.

Dit meie jim per meitsje nei T.J. de Boer, It leafst foar tsien oere hjoed, sa dat ik Lowlands kaartsjes helje kin!

Groetnis Teade

Ps. Soe der wat mis gongen wêze mei de tassen>?
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
14 Passengers
1. Teade De Boer
o Web Check in
o 0 Checked Bag
o SMS Mobile Text
2. Sjoerd Van Beem
o Web Check in
o 0 Checked Bag
3. Sytse Hibma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
4. Jimmy Linders
o Web Check in
o 0 Checked Bag
5. Beitske Kooistra
o Web Check in
o 0 Checked Bag
6. Tsjeard Hofstra
o Web Check in
o 0 Checked Bag
7. Arjen Klaversma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
8. Wytske Vermeulen
o Web Check in
o 0 Checked Bag
9. Jaring Rispens
o Web Check in
o 0 Checked Bag
10. Simone Kingma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
11. Wybren Jorritsma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
12. Namkje Koudenburg
o Web Check in
o 0 Checked Bag
13. Roelof Fopma
o Web Check in
o 0 Checked Bag
14. Marije Peenstra
o Web Check in
o 0 Checked Bag

zondag 28 november 2010

In eigen blog

Nei hast 10 jier lifte wie it tiid om de lifters fanút Wommels in eigen plakje te jaan op it web. Yn in blog. Der is in begjin makke om alle ynformaasje dy't hjir (SDS) en dêr (Stjoerder, Jaring Rispens) byelkoar te bringen. Fia links.

De kommende moanne sil it argyf noch oanfold wurde. Jim kinne no al in soda fine fan eardere jierren ûnder it kopke 2010-oktober.

En de aktualiteit krijt fanôf no ek al plak op it web. De kommende wiken yn de oanrin nei de start sille der liftnijtsjes ferskine ûnder de namme "lifterkes".
Dus wa't wat te melden, moat dat seker dwaan.

It ferslach fan de wedstriid sels sil yn earsten wer op www.vv-sds.nl pleatst wurde, omdat dêr mear mooglikheden binne.

Foar de twitteraars noch it folgjende. At jim tweets ha oer it liften doch dat mei #10xlifte . Se komme dan automatysk op jim blog http://10xlifte.blogspot.com.

Aant Hofstra

zaterdag 27 november 2010

Foarstelle en lifttips foar debutanten

Roelof

Eerst mar efkes foarstelle, ik bin dus Roelof Fopma. 30 jier jong en ik wenje yn Nijhuzum ( de sudwesthoeke ). Ik sal dit jier mei Marije besykje om al liftend oer de alpen te kommen en sa yn Milan te eindigen. Oan jim mails te lezen is it in undernimming die seer serieus benaderd mat wurde. Ik bin dus no ek elke joun yn de leer by Marije om it onderskiid te sjen tusken een Fiat Croma en in Fiat Multipla.

Hjir nog even de correcte nammen, datums en "maten"
Roelof Fopma ( 15 - 09 - 1980 ) 55 x 40 x 20
Marije Peenstra (8 - 09 - 1984 ) 55 x 40 x 20
Heawwe jim toefallig ek nog wat lift tips?

Sytse

Oangenaam Roelof! Die fiat's underskeide is al een goeie tarieding, mar foaral tomme omheech is belangryk!!
Fjirder kriegen we dizze instruksje video mei toen wy begongen te liften..




Ast dat wat under de knibbel hast dan mat Milaan te dwaan wese!

Tsjeard
Ek oangenaam Roelof, ast de earste ynstruksje fan Sytse sjoen hast is it no tiid om dy te wizen op de ûndersyks resultaten fan understeant filmke! Doch er dyn foardiel mei!





Simone

Oansjoen Roelof net de iennichste is dy't foar it earst meidocht bin ik dan ek tige wiis mei dizze filmkes. Ik sil earst om in tirolerjurkje! En dan heis ik Jaring deryn en dan komme we der wol!
Groeten Simone

donderdag 25 november 2010

Wêr gean se hinne yn 2011

oktober 2010
De earste mailtsjes binnen de liftploech fleane wer hinne en wer. Bijprate yn Jimbar op 25 oktober. Plannen meitsje. Wêr sille se hinne de kommende jierwikseling?
De 10 kear en de lêste kear.
Hoe slúte se 10 jier liften ôf?

novimber 2010
Der binne in pear opsjes. De kjeld, de ôfstân en de tiid binne de tsjinstanners.
Nei Skandinavie, wêr't liftmaten Klaas en Amarins no wenje.
Of nei de waarmte by Valencia

Bij alle opsjes binne de foar en neidielen oanjûn; te kâld, te waarm, te djoer, te frânsk, te moslim, te min alcohol yn it bier, te tichtby, te fier fuort, gean 'k net mei, gean 'k wol mei, mei ik net fan myn freondin, moat ik fan myn alders, fyn ik te eng, kinne we ek in jier oerslaan? Ensf ensf ensf ensf.
Inkele lifters fine dat it de lêste kear wol goed dreech wurde kin,,, dan gean we yn elk gefal net wer!
 
9 novimber
Teade de Boer mailt:

wat in begjin hat,
hat ek in ein,
it is in moai ein,
om by it begjin te eindigjen.


De rest reageart

Wybren

Klink goed

Sjoerd

Jajaja,
neist alle ûnsin en flauwe moppen, komme der op syn tiid ek hiele wiere wurden fanut it kamp deboer-vanbeem.
Doch der jim foardiel mei!!!
Dkke tut foar Teade, thumbs up foar jim allegearre.

Tsjeard wiist noch efkes op de rigels

Krije we ek nochris in kans om sa`n akelige Multi-pla te wegerjen!

Tsjeard en Beitske sitte al strak yn it pak



Namkje mei meast it earst it bêd útsykje mei Wybren, dus...

Hmm... it liket derop dat we mar even sykje moatte op in hosteltsje yn 'e buurt fan Bergamo (fleanfjild Milaan) dan? Is eltsenien akkoord hiermei?

Marije giet mij Roelof sa lit se witte

Hey allegeare,
Foar de folledigheid: myn liftmaat dit jier is Roelof Fopma, en ek wy gean fansels foar neat minder de doar út dan foar in earste plak!!
groetsjes, Roelof en Marije

Beitske fynt yn Bergamo in goedkeap hostel

About a hostel:
- Aeroporto Bergamo leit sa'n 40 km. riden fanôf de râne fan Milano.
- De ride shuttles (kin efen net fine oft se ek op 1 jan. ride):


Tiisdei 30-11 it ferfolch........
.
.
.
.

vrijdag 1 januari 2010

2010 - Stirling - Skotlân



Dielnimmers
Sjoerd van beem en Teade de Boer
Tjitte Jelle Verbeek en Hadewey Ras
Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra
Wybren Jorritsma en Namkje Koudenburg
Sjoerd Rispens en Jaring Rispens
GertJan Hulzinga en Karen Buunk
Sytse Hibma en Jimmy Linders
Klaas Malda en Amarins Bouma
Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen
Willem Visser en Marije Peenstra


* Lifters stelle harren foar

* Lifterkes


* De start en de earste dei oan 20.00

* Ferslach diel 2

* Diel 3


* Foto's Jaring Rispens

* Fideoferslach Jaring en Sjoerd Rispens

*
*
*

donderdag 1 januari 2009

2009 - Tulln - Eastenryk




Dielnimmers
Wybren Jorritsma en Namkje Koudenburg
Tsjeard Hofstra en Sjoukje Koudenburg
Tjitte Jelle Verbeek en Hadewey Ras
Jaring Rispens en Marije Peenstra
Teade de Boer en Sjoerd van Beem
Sytse Hibma en Jimmy Linders
Klaas Malda en Amarins Bouma


* Kompleet ferslach mei foarbeskôging

* Ferslach Sjoerd en Teade

* Foto's Jaring Rispens

*
*
*